|
Lyric provided by www.seekalyric.com |
Knoopkes by Maaike Jansen & Piter Wilkens Fjirtjin wiene wy of fyftjin âlder ha wy grif net west Do wiest by jim omke en muoike 'k wit it allegear noch bêst It wie simmer en ik fytste hieltyd jim hûs foarby do siest yn 'e tún en lakest ik wie stapelgek op dy Hiest in bloeske oan mei knoopkes 15 knoopkes, lyts en blau knoopke 1, ferlegen prebearre ik wat út knoopke 2, do joechst my samar in tút knoopke 3, ik hie it suver hast net mear mar by't fjirde moast ik wachtsje oant de oare kear Hiest in bloeske oan mei knoopkes 15 knoopkes, lyts en blau Jûns dan wiene wy tegearre wat wie 't spannend elke kear Stikum stadich justjes fierder elke jûn in knoopke mear En ik fielde my sa lokkich en ik wie sa wiis mei dy Do liest my mar wat piele oh, de tiid dy fleach foarby knoopke 5, foarsichtich naam ik de tried wer op knoopke 6, do wiest myn eigen leave pop knoopke 7, ik hie it suver hast net mear mar by 't achtste moast ik wachtsje oant de oare kear Doe't jim omke ús trapearre wie ús aventoer foarby Tolve fan 'e fyftjin fierder bin 'k net kaam by dy knoopke 9, ik aaide eefkes troch dyn hier knoopke 10, noch nea gie ik mei dy safier knoopke 11, ik hie it suver hast net mear mar nei 't tolfde kaam der noait mear in oare kear |